Tryater spilet yn fabryk Hellema

Tryater spilet Doarp Europa bij Hellema Hallum BV

 

Wa bin ik en wêr bin ik thús? Wenje en wurkje drage by oan de foarming fan ús identiteit. Dêrom spilet Tryater Doarp Europa op plakken dêr’t minsken har eigen fiele: yn húskeamers én by bedriuwen. Tryater wie al te gast yn de húskeamer fan de fam. Vellenga yn Hallum. Op freed 2 en sneon 3 novimber om 20:00 oere is de foarstelling Doarp Europa te sjen by Hellema Hallum BV oan de Doniawei 53A. Kaarten dêrfoar binne te keap fia www.tryater.nl en 058-2882335.

Hellema Hallum is in wier famyljebedriuw. Yn 1861 begûn Andele Hellema mei it bakken fan koekjes op it Noardfryske plattelân. Dizze bakkerij is útgroeid ta it hjoeddeistige Hellema Hallum. Hoewol't in soad saken fanselssprekkend feroare binne, is it bedriuw noch hieltyd yn eigendom fan de famylje en wurde âlde tradysjes yn eare hâlden. Dêrnjonken hat it bedriuw meiwurkers dy't faak al jierrenlang by Hellema wurksum binne en har persoanlik belutsen fiele. De koeken fan Hellema binne in op soad plakken op 'e wrâld te krijen.

Om’t it publyk fan Doarp Europa te gast is by in bedriuw dat iten makket, jildet in kleanfoarskrift: gjin sieraden en gjin hege hakken. Publyk krijt beskermjende klean oan om fan de entree nei de tribune te kommen. Om’t dit tiid nimt, wurdt frege om om 19:00 oere oanwêzich te wêzen. Besikers fan de foarstelling kinne op de freedtejûn ek in rûnlieding krije fan meiwurkers fan it bedriuw.

Yn Doarp Europa sjogge we in doarp, oan ‘e rivier, op ‘e flakte of oan ‘e foet fan in berch. Wikseljende settingen mei deselde archetypen, minsken dy’t harren op in bepaalde wize ta mekoar ferhâlde. Elk fan de spilers nimt it publyk mei yn in eigen perspektyf fan syn of har syktocht nei it thúsgefoel, mei ferskillende talen fan Europa en fan teater.

Konsept en regy Ira Judkovskaja | Regy-assistint Eline de Vries | Tekstbydragen Eelco Venema | Dramaturgy Peter Sijbenga | Muzyk Beppe Costa | Spul Aly Bruinsma, Sjoerd Blom, Beppe Costa, Romke Gabe Draaijer | Klaus Jürgens, Marjolein Ley, Eva Meijering, Brecht Wassenaar, Sonia Zwolska | Foarmjouwing Elze van den Akker | Kostúmûntwerp Linda Eijssen | Ljochtûntwerp Koos de Vries |