Door Toanielferiening Hallum opvrijdag 27 januari 2023

In lang en geweldich aventoer!

2023-08-04 23:55:13

Sjoch hjir.. de spilers en crew fan Loadewyk Fjirtjin en in Heal!

Yn septimber 2019 binne wy begon mei dizze útdaging. Nei de generale yn maart 2020 gie Nederlân yn lockdown. Mei al die beheiningen troch it koronafirus, wie it twa jier lang net maklik. Mar mei ups en downs ha wy as groep trochsetten. En doe wie it foarige wike safier. Twa útferkochte toanieljûnen. In moaie ôfsluting fan dit lange, mar geweldich aventoer!

We ha der in oantal jierren op wachtsje moatten, mar we sjogge werom nei in fantastysk toanielwykein!

Foar it earst de online foarferkeap, twa kear in útferkochte seal, trije generaasje spilers út deselde famylje op it poadium, it ôfskied fan Rinse Wagenaar as toanielspiler en in soad moaie reaksjes oer it stik. Wy slute de doar fan it kastiel fan Versailles.

Tige tank en graach oant folgend jier!


Naar overzicht