It stik spilet sich ôf yn in hotel. Wêr't Robertus mei syn freondinne in leuk wykein ha sil. Hy hat syn frou wiis makke, dat er in kursus folgje moat. Dat blykt net sa tûk te wêzen. Se komme der al gau efter dat syn frou ek yn it hotel sit.. Mar sy binne net de iennige gasten: de famylje Verhoeve fine it noch altyd leuk om mei-inoar in wykeintsje fuort te gean. Alhoewol, “leuk” by harren net altyd fan tapassing is.. As troch in ûngelok yn it hotel alle gasten twongen wurde om byinoar op 'e lippe sitte te moatten, dan is dat freegjen om betizing en de nedige problemen. Hoe rint dit ôf?
Dat sjochst allegjerre op 15, 16 en 17 maart 2024. Set it yn dyn aginda! Binnenkoart mear ynformaasje oer ûnder oare de kaartferkeap.