Door de Bibliotheek Hallum opdonderdag 16 november 2023

Jou in bern in boek fiert 17e edysje yn Kollum!

2023-12-09 20:21:22

Alle jierren krije alle bern fan groep 5 yn de gemeente Noardeast-Fryslân en Achtkarspelen in Frysk boek kado fan de twa gemeenten en de Bibliotheken Noord Fryslân. Dit jier is de 17e edysje fan Jou in bern in boek. Op 10 novimber rikten wethâlders Sierd Vegelin en Hanneke Joustra yn Kollum it earste boek fan de 17e edysje út.

Folop oandacht foar Frysk lêzen en skriuwen

De feestlike útrikking fûn dit jier plak yn sealesintrum De Colle yn Kollum. Wethâlders Sierd Vegelin en Hanneke Joustra oerlangen it boek ‘’Abe en de Aardichman’’ oan learlingen Emmy, Tieme en Hanna fan de Koningin Julianaschool, Professor Casimir school en de Prins Bernhardschool yn Kollum! It boek ‘’Abe en de Aardichman’’ is skreaun troch Tialda Hoogeveen en útjûn troch de Afûk. It boek is folslein yn it Frysk skreaun.

Slagge 17e edysje yn Kollum

Sa'n 50 bern fan groep 5 fan de basisskoallen hiene in feestlike moarn yn Kollum mei in wiidweidich programma om it boek hinne. Yllustrator Yke Reeder naam de bern mei yn har magyske wrâld en liet sjen hoe't se har fantasy brûkt om prachtige yllustraasjes te kreëarjen. Tegearre mei de bern tekenen se harren eigen Aardichman, wêrtroch’t net allinnich in eigen kreaasje ûntstie, mar ek in prachtich boek om te lêzen. De kommende wiken geane de lêskonsulinten fan Bibliotheken Noord Fryslân op alle skoallen yn de gemeente Noardeast-Fryslân en Achtkarspelen del mei de boeken foar groep 5.

Oer Jou yn bern in boek

It projekt Jou in bern in boek is 17 jier lyn úteinset yn de gemeente Ferwerderadiel, sûnt de 16e edysje hat ek de gemeente Achtkarspelen him hjir by oan sletten. It makket diel út fan in aktyf Frysk taalbelied. Nei de gemeentlike weryndieling hat de gemeente Noardeast-Fryslân it projekt fuortset. De wurkgroep bestiet út Taalstipers, taalkoördinatoaren, learkrêften en lêskonsulinten.


Naar overzicht