Samar in stikje.

Soms ontvangen wij een mooie tekst, column of een lied waar we u graag deelgenoot van willen maken. Hieronder kunt u deze ingezonden stukken lezen. Heeft u ook een mooie tekst over Hallum of wilt u een eigen geschreven stukje met ons delen, tip dan de redactie via de onderstaande knop.

Lied

It Doarp ... Hallum

It lied fan Toon Hermans Het Dorp oanpast troch Murk de Jong út St. Anne foar Simmer 2000.

1.
‘k Fûn lêst in âlde aansichtkaart
Mei de tsjerke oan it klinkerpaad
In ploechje bern, yn ’t sneisk en skjin,
In bakkerij, in stikje feart
Dat seit jim, tinkt my, fierder neat
Mar ’t is dêr’t ‘k eartiids opgroeid bin
Ûs doarp: ik wit noch krekt hoe ’t wie
Hofshoecke, dêr’t ik selts faak stie
De lucht fan koekjes yn ‘e buorren
De Achterwâl, de Achterdyk
It Pypke en it Paradys
De feart mei Douwe Kok syn moune
Refrein:
Dit doarp ik sil it nea ferjitte
D’ert ik as jonge boartsje koe
Ik wie in bern en wist net better
Dan dat it nea feroarje soe...

Ús skoalle ha’k ek op ‘e kiek
Wat fielden wy ús rom en ryk
Op ’ t skoalleplein yn ‘t fry-kertier
De jongens sjoch ‘k noch bokje stean
En boartsjend troch de steechjes gean
De famkes drok mei touwstjespringen
By Schaafsma swimme yn ‘t Spoordok
It fuotbalfjild by Marten Kok
De Finen en de Grouwen
Dan de tiid dy’t letter kaam
Wat skruten mei myn earste faam
Foar ’t earst op frijersfuotten
Refrein:
De Lange en de Heechebuorren
De Aurora dy’t nei Ljouwt ta soe
Ik wie in bern en wist net better
Dan dat it nea feroarje koe...

No hinget jongfolk oan in bar
Nimt seks en drugs en pils foar kar
En âllet mei, mei house-muzyk
Ik wit wol ’t is in oare tiid
Mar is dat jongfolk wol sa bliid?
It makket my wat mankelyk.
Wat witte ja noch fan alear
Ja dat ferjitten docht my sear
Ûs moaie doarp mei syn twa tourren
It gie toch eartiids ek wol bryk
Mei Lytse Wop, Durk Politiek
Bakker Ritsma op ‘e Heechebuorren
Refrein:
Bylsma mei syn wein fol tonnen
Dy ’t eltsenien wol rûke koe
Ik wie in bern en wist net better
Dan dat it nea feroarje soe...

Mar as ik no nei Hâllum gean
Sjoch ik fan fier de filla’s stean
De yndustry die syn fertuten
De foarútgong hat ek Hâllum fûn
Nije strjitten skeaten út ‘e grûn
Ûs boeredoarp kaam op ‘e kluten
De hiele dei binne man en frou
Foar hypotheek of boat in tou
Ja elts komt yn ‘e stringen
Dat doarp fan doe, it is foarby
Fan doetiids bleau neat oer foar my
Dan tinzen oan foarbye dingen
Refrein:
Dit doarp, ik sil it nea ferjitte,
Der’t ik as jonge boartsje koe
Ik wie in bern en koe net witte
Dat alles sa feroarje soe...