De Historische Kring Terpengebied hâldt op woansdei 26 novimber wer in gearkomste foar har leden. Gastspreker is Bouke Oppewal út Snits, dy’t bekend is mei de marityme skiednis fan Fryslân.
Hy fertelt oer skûtsjes en alles wat der mei gearhinget. Net allinnich oer it farren en de wedstriden, mar ek oer de skiednis, it ambacht fan de bou en de mienskip dy’t der altyd mei ferbûn west hat.