Yn 1980 stie Wietske as 29-jierrige foar it earst op it toaniel fan Kafee Veldzicht as Juffer Lievendag yn it toanielstik: "Oer en Tefolle". Yn de jierren dêrnei hat se hiel wat ferskate rollen spile. En stie se net op it toaniel, dan wie se wol achter it dekôr as ynstekster. Ek as bestjoerslid hat se foarsitster en skathâldster west. Wietske har ynset wie fan grutte wearde foar ús feriening. Tankewol!

Nei goed 45 jier lidmaatskip nimt Wietske Wagenaar ôfskied by toanielferiening "Foar ús Wille" Hallum. Yn de ledegearkomste fan april 2025 waard Wietske yn it sintsje setten en is der unanym besletten om har ta earelid te beneamen.