De ontwerpen zijn officieel vastgelegd in het Genealogisch Jaarboek 2025 met de volgende beschrijvingen.
Wapen:
yn swart in heraldyske reinbôge fan goud, read, grien en sulver; boppe beselskippe fan twa gouden stjerren en ûnder fan in gouden boarch mei twa finsters, ferljochte en iepene fan it fjild.
Flagge:
in blauwe hys mei in breedte fan 1/3 flaggelingte, wêryn in boarch, mei twa finsters, ferljochtet en iepene fan it fjild, boppe en ûnder beselskippe fan in stjer, alles giel; de flecht besteande út seis banen swart, giel, read, grien, wyt en swart, yn in ferhâlding fan 2:1:1:1:1:2.
Wimpel:
in blauwe hys mei in hichte fan omtrint 1½ kear de wimpelbreedte, yn de hys in boarch, mei twa finsters, ferljochte en iepene fan it fjild, mei dêr boppe twa stjerren njonken elkoar, alles giel; de wimpelflecht mei fiif likense brede banen swart, wyt, grien, read en giel.
Begeleidende tekst uit het Genealogisch Jaarboek 2025:
Yn 2024 hat der, nei oanlieding fan it oanfoljen fan it wapen en de flagge mei in wimpel, kontakt west tusken de Fryske Rie foar Heraldyk en Doarpsbelang Hallum. Om de flagge mear by it wapen fan Hallum oanslute te litten en de ferwizing nei de reinbôge-beweging net promoatsje te wollen en neutraal te bliuwen op dat mêd is besletten om de flagge oan te passen. Hjirby is de motivaasje fan de ûntwerper fan de âlde flagge earbiedige.
De betsjutting fan dy flagge wie ‘it alles omfiemjende; de kleuren foar de dei en alle kleuren tegearre it swart foar de nacht. Alle kleuren fan de wrâld, wat ferwiist nei de pleatslike yndustry, dêr’t de produkten de hiele wrâld fan oergean. It tal banen is ek in ferwizing nei it tal stjerren yn it eardere gemeentewapen en it tal banen fan de eardere gemeenteflagge’.
Yn it nije ûntwerp is it swart fan de hys no werom te finen yn de boppeste en ûnderste baan fan de flagge, wylst de reinbôge redusearre is ta in saneamde heraldyske reinbôge. De ferwizing nei it gemeentewapen en -flagge wurdt no foarme troch de kleuren blau en giel fan de hys. De wimpel is in ôflieding fan de (kantele) flagge.
It wapen en de âlde flagge wiene registrearre yn het Genealogysk Jierboek 1995, side 195. De âlde flagge is hjirby kommen te ferfallen.
Untwerp flagge en wimpel: R.J. Broersma, tekener Fryske Rie foar Heraldyk
Meer informatie over het Genealogisch Jaarboek via de website van de Fryske Akademy: www.fryske-akademy.nl en over de Fryske Rie foar Heraldyk via een andere pagina op: www.fryske-akademy.nl.