Dêrneist ha wy ek prachtich nijs: troch jim stipe meie wy in moai bedrach fan € 573,08 ûntfange fia de Rabo ClubSupport-aksje. Tige tank oan elkenien dy’t op ús stimd hat. Wy binne der tige bliid mei!
Troch dizze stipe kinne wy dit seizoen wer in moaie produksje delsette. Sterker noch: dit jier dogge wy wat hiel bysûnders! Foar it earst yn de skiednis fan ús feriening spylje wy twa ienakters op ien jûn!
Dat betsjut dûbele spanning, dûbel plezier én dûbel genot foar it publyk. De spilers en regisseur binne fol entûsjasme dwaande om fan beide ienakters in bysûndere en fermaaklike jûn te meitsjen.
De toanielútfieringen fine plak op 13, 14 en 15 maart 2026.
Hâld ús website en socials yn ’e gaten foar mear ynformaasje oer de stikken en de kaartferkeap.