Uitgelicht
zaterdag 4 oktober 2025

Nei de oarloch opnij begjinne: transportbedriuw yn Hallum stiet al 100 jier oerein

2025-10-05 23:26:13

Transportbedriuw De Vries Hallum fiert dit wykein it 100-jierich bestean. It famyljebedriuw begûn mei hynder en wein en groeide út ta in moderne logistyk tsjinstferliener.

Yntusken stiet de tredde generaasje oan it roer en wurdt der sjoen nei duorsume oplossingen sa as elektroanysk transport.

In famyljebedriuw hûndert jier lang oerein hâlde is net ienfâldich. "Dat is hiel bysûnder, foaral yn dizze tiid. It is in mylpeal, we binne der wiis mei", seit direkteur Gerrit Douwe de Vries.

It fûnemint foar De Vries Hallum waard lein yn 1925, doe't pake Gerrit Douwe mei in lânbouwein de boeren bydel gong. Hy holp dêr't it nedich wie en ried al rap ek molkritten, wylst er sels buorke.

Yn 'e oarloch siet it him net mei. De Dútsers namen syn frachtweinen yn beslach, in swiere klap foar it jonge bedriuw. Mar Gerrit Douwe joech net op. Nei de befrijing begûn er opnij, dizze kear mei leanwurk en molktransport.

Pas yn 1960 kaam de frachtwein werom op it hiem. Ein sechtiger jierren droech pake it stokje oer oan syn soannen Douwe en Sieger.

Yntusken liedt de tredde generaasje it bedriuw: sûnt 2009 stean de bruorren Gerrit Douwe en Benno de Vries oan it roer.

As lytse jonge wist Benno de Vries it al: hy woe letter de dyk op. Net samar, mar yn it famyljebedriuw. Dy dream kaam út. "Yn it famyljebedriuw is it 'foar wat, heart wat', en dat is it moaie", fertelt er.

Yn de jierren santich bruts De Vries Hallum definityf troch, doe't koekjefabryk Hellema klant waard. Dêrnei folgen ûnder mear Van der Meulen en Fortuin, en ek klanten út België en Dútslân fûnen harren wei nei Hallum.

Utwreiding

Doe't broer Sieger it bedriuw ferliet, sette Douwe de Vries allinnich troch. Hy ferhuze it bedriuw nei in grutter terrein oan de Doniawei. De Vries spesjalisearre him yn it ferfier fan koeke, wafels en oare swiet guod, en groeide út ta ien fan de grutste spilers op dit mêd yn Nederlân.

Sûnt 2003 is it famyljebedriuw fêstige oan de Meekmawei yn Hallum, dêr't yntusken in modern distribúsjesintrum en meardere opslachloadsen stean. Nije fêstigings folgen yn Veghel (2018) en Drachten (2021).

Transport troch hiel Europa

De Vries Hallum ferfiert yntusken troch hiel Europa mei sa'n 80 frachtweinkombinaasjes, goed 165 meiwurkers en mear as 40.000 kante meter opslachromte. De bruorren Benno en Gerrit Douwe de Vries wurkje sûnt 1994 yn it bedriuw en binne sûnt dat momint fêst ferbûn mei De Vries Hallum.

Oft de folgjende generaasje al klearstiet? Gerrit Douwe glimket: "It is de ferwachting dat ien fan ús bern it trochsette wol, op hokker wize dan ek."

Iepen dei

It jubileum wurdt op 4 oktober grut fierd mei in iepen dei op it terrein oan de Meekmawei 15. Tusken 14.00 en 17.00 oere is elkenien wolkom om efter de skermen te sjen. Besikers kinne ûnder mear sels yn in frachtwein stappe of in ritsje meitsje op in heftruck.

Bron: Omrop Fryslân / RTV NOF

Fryslân in bedrijf – Van paard en wagen tot distributiecentrum: De Vries Hallum bestaat 100 jaar

RTV NOF = De Streekomrop fan Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen foar Stêd, Waad & Wâlden.

Naar overzicht